Skip to main content

Richard Liuwehert Stambeam | NavigaasjemenuRichard I of England

Kening fan IngelânHartoch fan NormandjeHartoch fan AkwitaanjePersoan berne yn 1157Persoan stoarn yn 1199


IngelskFrânskOxford8 septimber1157ChâlusLimogesFrankryk6 april1199Ingelân11891199Hindrik IIEleonora fan AkwitaanjeAkwitaanjeFilips II fan FrankrykTredde KrústochtkrústochtAkkoBerengaria fan NavarraSyprusSaladinJan sûnder LânSaladinLeopold V fan EastenrykSaladinJan sûnder Lânkatedraal fan RouenAbdij fan Fontevraud












Richard Liuwehert




Ut Wikipedy






Jump to navigation
Jump to search





Ofbyld út de 12e iuw





Tombe yn Fontevraud


Richard I Liuwenhert of Richard I fan Ingelân (Ingelsk en Frânsk: Richard Cœur de Lion, Ingelsk ek wol: Lionhearted) (Oxford, 8 septimber 1157 – Châlus by Limoges (Frankryk), 6 april 1199) wie kening fan Ingelân fan 1189 oant 1199. Hy wie de twadde soan fan Hindrik II en Eleonora fan Akwitaanje.


Richard waard yn 1172 hartoch fan Akwitaanje. Tusken him en syn bruorren wie wat striid, en ek kamen se gauris yn opstân tsjin harren heit. Doe't Richard nei de dea fan syn âldere broer yn 1183 beneamd waard as troanopfolger bûn hy opnij de striid oan mei syn heit, omdat hy syn mem har Akwitaanje ôfstean moast doe't hy kroanprins wurden wie. Hy wist dêrby de steun te krijen fan kening Filips II fan Frankryk.
Nei in skeel tusken Richard en Filips sleaten se in ferdrach en begûnen oan de tarieding fan de jildslinende Tredde Krústocht.


Op de krústocht wie der wer faak spul tusken Richard en Filips. Doe 't Filips nei Akko ôfsette, ferloofde Richard him mei Berengaria fan Navarra. Hy troude mei har nei de ferovering fan Syprus yn 1191. (Hje soenen gjin bern krije; wol is bekind dat Richard in soan yn it wyld rinnen hie.) Dêrnei gie er ek op Akko ta en spile in grutte rol by de ferovering fan de stêd.
Filips gie werom nei Frankryk, mar Richard gie troch mei de striid en helle in oerwinning op Saladin.


Wyls wie der in komplot op gong setten troch Filips en Richard syn broer Jan sûnder Lân. Doe't Richard hjirfan hearde sleat hy in ferdrach mei Saladin en gie werom. Op de weromreis nei Europa waard hy finzennomd troch hartoch Leopold V fan Eastenryk. It gie hjirby benammen om it krijen fan losjild. Nei it krijen hjirfan waard hy yn 1194 frijlitten.


Richard stie bekend as in fechtjas, in hurd en moedich man, mar ek mei kulturele ynteresse en humor. It is troch dizze eigenskippen dat hy de bynamme Liuwenhert fertsjinne. Hy krige dy doe't hy yn de striid tsjin Saladin sels goed meifocht. Troch syn aventoerlike oanlis en oarlochssuchtige ynstelling brocht hy Ingelân oan de râne fan de finansjele ôfgrûn.


Nei syn weromkommen yn Ingelân wist hy syn broer Jan te ûnderwerpen en naam it keningskip wer oer. Richard wie fan de tsien jier fan syn keningskip yn totaal net mear as 10 moannen yn Ingelân. Oant 1198 fierde hy fierder oarloch tsjin Frankryk. By it belis fan it kastiel Châlus-Chabrol yn Limousin waard hy troch in pylk yn syn skouder troffen en rekke dêrtroch deadlik ferwûne. Hy waard opfolge troch Jan sûnder Lân.


Richard syn harsens binne begroeven yn de Abdij fan Charroux yn Poitou, syn hert yn de katedraal fan Rouen yn Normandje en de rest fan syn lichem is bysetten, oan de fuotten fan syn âlden, yn de Abdij fan Fontevraud yn Anjou.



Stambeam |















De foarâlden fan Richard I fan Ingelân

Richard I fan Ingelân
(1157-1199)

Heit:
Hindrik II fan Ingelân
(1133-1189)

Pake:
Godfryd V fan Anzjû
(1113-1151)

Oerpake:
Fulko V fan Anzjû
(1091-1143)

Oerbeppe:
Ermengarde fan Maine
(1096-1126)

Beppe:
Matilde fan Ingelân
(1102-1167)

Oerpake:
Hindrik I fan Ingelân
(1068-1135)

Oerbeppe:
Matilde fan Skotlân
(1079-1118)

Mem:
Eleönoara fan Akwitaanje
(1122-1204)

Pake:
Willem X fan Akwitaanje
(1099-1137)

Oerpake:
Willem IX fan Akwitaanje
(1071-1126)

Oerbeppe:
Filippa fan Toulouse
(1073-1118)

Beppe:
Aenor fan Châtellerault
(1103-1130)

Oerpake:
Aimery I fan Châtellerault
(1075-1151)

Oerbeppe:
Dangerose fan l'Isle Bouchard
(1079-1151)
Commons









Untfongen fan "https://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Richard_Liuwehert&oldid=846936"













Navigaasjemenu


























(RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.020","walltime":"0.030","ppvisitednodes":"value":82,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":742,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":60,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":3,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 3.271 1 Berjocht:Commonscat","100.00% 3.271 1 -total"],"cachereport":"origin":"mw1266","timestamp":"20190825045458","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Richard Liuwehert","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Richard_Liuwehert","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q42305","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q42305","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2011-09-03T05:43:09Z","dateModified":"2017-05-05T20:03:50Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/4/49/Richard_coeurdelion_g.jpg"(RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":129,"wgHostname":"mw1329"););

Popular posts from this blog

Kamusi Yaliyomo Aina za kamusi | Muundo wa kamusi | Faida za kamusi | Dhima ya picha katika kamusi | Marejeo | Tazama pia | Viungo vya nje | UrambazajiKuhusu kamusiGo-SwahiliWiki-KamusiKamusi ya Kiswahili na Kiingerezakuihariri na kuongeza habari

SQL error code 1064 with creating Laravel foreign keysForeign key constraints: When to use ON UPDATE and ON DELETEDropping column with foreign key Laravel error: General error: 1025 Error on renameLaravel SQL Can't create tableLaravel Migration foreign key errorLaravel php artisan migrate:refresh giving a syntax errorSQLSTATE[42S01]: Base table or view already exists or Base table or view already exists: 1050 Tableerror in migrating laravel file to xampp serverSyntax error or access violation: 1064:syntax to use near 'unsigned not null, modelName varchar(191) not null, title varchar(191) not nLaravel cannot create new table field in mysqlLaravel 5.7:Last migration creates table but is not registered in the migration table

은진 송씨 목차 역사 본관 분파 인물 조선 왕실과의 인척 관계 집성촌 항렬자 인구 같이 보기 각주 둘러보기 메뉴은진 송씨세종실록 149권, 지리지 충청도 공주목 은진현