Smoarge Piter Ynhâld Ynhâld | Priuwke | Fryske oersetting | Keppelings om utens | Boarnen, noaten en referinsjes NavigaasjemenuSmoarge Piter op 'e webside fan Verlag TintenfassSmoarge Piter op 'e webside fan Jacobus Quiryn SminkDer Struwwelpeter yn oare talenDe sealterfryske TuusterpäiterDe Noardfryske (Sölring) TuusipetjiReferences en Further reading, op dizze sideStruwwelpeter
BerneboekDútsktalich koart ferhaalKoart ferhaal út 1845Fryske oersetting
DútskberneboekDútskepsychiaterskriuwerdichterHeinrich Hoffmann18091894koarte ferhalenrymnjoggentjinde iuw184518472010oersetterJacobus Q. SminkFryskFryske2010útjouwerijHispelWiuwertNeckarsteinachJacobus Quiryn SminkFrânske2010SealterfryskMargaretha GrosserKai KlintSölringerdialektNoardfryskReferences en Further reading, op dizze side
Smoarge Piter
Jump to navigation
Jump to search
Smoarge Piter | ||
oarspr. titel | Der Struwwelpeter | |
auteur | Heinrich Hoffmann | |
taal | Dútsk | |
foarm | ferhalebondel | |
sjenre | berneboek | |
1e publikaasje | 1845 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Smoarge Piter | |
publikaasje | 2010, Wiuwert/Neckarsteinach | |
útjouwer | Hispel/Verlag Tintenfass | |
oersetter | Jacobus Q. Smink | |
ISBN oers. | 978-9 07 45 16 112 |
Smoarge Piter, yn it oarspronklike Dútsk: Der Struwwelpeter, is in berneboek en fierwei it bekendste wurk fan 'e Dútske psychiater, skriuwer en dichter Heinrich Hoffmann (1809-1894). It is in bondeltsje fan tsien fleurich fertelde en yllústrearre koarte ferhalen op rym, dy't op ien nei allegear oer ûndogenske bern geane, en in dúdlike moraal hawwe dy't de rampsillige gefolgen fan dôfhûdich hâlden en dragen op oerdreaune wize oantoant. Hoewol't de ferhalen tsjintwurdich foar in part hurd en wreed oandogge, en in wol hiel belearende toan oanslane, hie men dêr yn 'e njoggentjinde iuw gjin euvelmoed yn. It boekje waard foar it earst publisearre yn 1845 ûnder de titel Lustige Geschichten und Drollige Bilder für Kinder von 3-6 Jahren ("Koartswilige Teltsjes en Grappige Tekenings foar Bern fan 3-6 Jier"), mar fan 'e fjirde printinge yn 1847 ôf kaam it bekend te stean ûnder de titel fan it earste fan 'e tsien ferhalen, Der Struwwelpeter. It boek waard in grut súkses en is noch altyd ien fan 'e populêrste berneboeken yn it Dútske taalgebiet. Yn 2010 waard it troch oersetter Jacobus Q. Smink fertaald yn it Frysk.
Ynhâld
1 Ynhâld
2 Priuwke
3 Fryske oersetting
4 Keppelings om utens
5 Boarnen, noaten en referinsjes
Ynhâld |
Struwwelpeter ("Smoarge Piter") giet oer in jonge dy't it ferpoft om him te waskjen en syn hier en neilen te knippen, en dy't sadwaande troch de oare bern skoudere wurdt.- Yn Die Geschichte vom Bösen Friederich ("It Ferhaal fan Stoute Freark") terrorisearret in gewelddiedige jonge bisten en minsken. Uteinlik wurdt er biten troch in hûn, dy't dêrnei syn iten opfret wylst de jonge him op bêd hâlde moat om op te betterjen.
- Yn Die Gar Traurige Geschichte mit dem Feuerzeug ("It Alderaaklikste Ferhaal fan 'e Lúsjefers") boartet in famke mei lúsjefers en ferbrânt dêrtroch libben.
- Yn Die Geschichte von den Schwarzen Buben ("It Ferhaal fan 'e Swarte Knapen") wurde trije jonges der troch Sinterklaas op trappearre dat se in jonge mei in dûnkerder hûdskleur narje. Om harren in leske te learen, dipt er harren yn swarte inket, sadat se noch dûnkerder fan hûdskleur wurde as harren slachtoffer.
Die Geschichte von dem Wilden Jäger ("It Ferhaal fan 'e Wylde Jagers") is it iennichste teltsje fan 'e bondel dat net yn it foarste plak oer bern giet. De haadrol is ynstee weilein foar in hazze, dy't in jager syn bril en musket ûntnaderet en dan de jager sels bejaget. Yn it trelit dat dan ûntstiet, kriget it jong fan 'e hazze gleone kofje oer him hinne en knoffelet de jager yn in saad, wat, nei't men oannimme mei, syn dea wurdt.- Yn Die Geschichte vom Daumenlutscher ("It Ferhaal fan 'e Tomkesobber") warskôget in mem har soan dat er ophâlde moat mei tomkesobjen. As hja lykwols eefkes fuort moat, giet er der wer gewoan mei troch, oant der in skroar oan 'e doar komt, dy't mei syn kleanskjirre it jonkje de tommen ôfknipt.
Die Geschichte vom Suppen-Kaspar ("It Ferhaal fan Sop-Kasper") set útein as in sûne, sterke jonge beslút om tenei syn sop stean te litten. Yn 'e fiif dagen dy't folgje beklinkt er alhiel, oant er stjert.- Yn Die Geschichte vom Zappel-Philipp ("It Ferhaal fan Rideljende Filip") reaget in jonge dy't ûnder iten net stil sitten bliuwe wol ta ôfgriis en lulkens fan syn âldelju alle iten fan 'e tafel ôf.
Die Geschichte von Hans Guck-in-die-Luft ("It Ferhaal fan Hâns Kyk-yn-'e-Loft") giet oer in jonge dy't nea net útsjocht wêr't er rint. Op in dei rint er yn in rivier; hysels wurdt rillegau rêden, mar syn dierbere notysjeboekje is er kwyt.- Yn Die Geschichte vom Fliegenden Robert ("It Ferhaal fan 'e Fleanende Robert") giet in jonge ûnder in stoarm nei bûten ta. De wyn komt ûnder syn paraplu, skuort him mei de loft yn en blaast him fier fuort, en, nei't men oannimme mei, syn needlot yn 'e mjitte.
Priuwke |
Hjir in lytse tekst fan 'e útjouwerij:
| Hjir in lytse tekst út it boek:
|
Fryske oersetting |
De Fryske oersetting fan Der Struwwelpeter ferskynde yn 2010 yn in boekje fan 32 siden ûnder de titel Smoarge Piter, as in mienskiplike útjefte fan útjouwerij Hispel, te Wiuwert en Verlag Tintenfass yn it Dútske Neckarsteinach. De fertaling wie fan 'e hân fan Jacobus Quiryn Smink, dy't ek it ferneamde Frânske berneboek Le Petit Prince yn it Frysk oerset hat. Yn 2010 is Der Struwwelpeter ek yn it Sealterfrysk oerset troch Margaretha Grosser, ûnder de titel "Tuusterpäiter", en troch Kai Klint yn it Sölringer dialekt fan it Noardfrysk ûnder de titel Tuusipetji.
Keppelings om utens |
Smoarge Piter op 'e webside fan Verlag Tintenfass
Smoarge Piter op 'e webside fan Jacobus Quiryn Smink
Der Struwwelpeter yn oare talen- De sealterfryske Tuusterpäiter
- De Noardfryske (Sölring) Tuusipetji
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. Commons
|
Kategoryen:
- Berneboek
- Dútsktalich koart ferhaal
- Koart ferhaal út 1845
- Fryske oersetting
(RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgPageParseReport":"limitreport":"cputime":"0.096","walltime":"0.114","ppvisitednodes":"value":845,"limit":1000000,"ppgeneratednodes":"value":0,"limit":1500000,"postexpandincludesize":"value":7515,"limit":2097152,"templateargumentsize":"value":2823,"limit":2097152,"expansiondepth":"value":7,"limit":40,"expensivefunctioncount":"value":0,"limit":500,"unstrip-depth":"value":0,"limit":20,"unstrip-size":"value":0,"limit":5000000,"entityaccesscount":"value":0,"limit":400,"timingprofile":["100.00% 62.779 1 -total"," 88.42% 55.511 1 Berjocht:Literatuer"," 81.46% 51.140 1 Berjocht:Ynfoboks_generyk"," 11.37% 7.137 1 Berjocht:Boarnen"," 4.10% 2.572 1 Berjocht:Commonscat"," 3.88% 2.437 11 Berjocht:!!"," 3.64% 2.283 1 Berjocht:Ynfoboks/breedte"," 3.38% 2.124 2 Berjocht:Aut"],"cachereport":"origin":"mw1264","timestamp":"20190914022841","ttl":2592000,"transientcontent":false););"@context":"https://schema.org","@type":"Article","name":"Smoarge Piter","url":"https://fy.wikipedia.org/wiki/Smoarge_Piter","sameAs":"http://www.wikidata.org/entity/Q27912","mainEntity":"http://www.wikidata.org/entity/Q27912","author":"@type":"Organization","name":"Contributors to Wikimedia projects","publisher":"@type":"Organization","name":"Wikimedia Foundation, Inc.","logo":"@type":"ImageObject","url":"https://www.wikimedia.org/static/images/wmf-hor-googpub.png","datePublished":"2010-10-22T11:42:20Z","dateModified":"2017-10-22T20:53:45Z","image":"https://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/4/46/Smoarge-Piter.jpg"(RLQ=window.RLQ||[]).push(function()mw.config.set("wgBackendResponseTime":114,"wgHostname":"mw1330"););